Drachten wint 1e ynhelstriid

30 jul 2013 - 11:47

It skûtsje fan Drachten hat tiisdei de earste ynhelwedstriid op de Hegemermar by Wâldsein wûn. Twadde waard Snits en De Jouwer waard tredde. De oaren plakken binne: Boalsert (4), Heale Moanne (5), Grou (6), Earnewâld (7) De Lemmer (8), Súdwesthoeke (9), Ljouwert (10), Langwar (11), Wâldsein (12) en Huzum (13).

De wedstriid ferrûn sûnder protesten. It Hearrenfean die fanwege de oanfarring fan moandei net mei. Se hawwe averij mei de mêst. De oanfarring wie mei de winner fan no, Drachten.

Tiisdeitemiddei is de twadde ynhelwedstriid, ek op de Hegemermar by Wâldsein. Dan docht It Hearrenfean wol mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)