Wettersteuring yn Drachten

30 jul 2013 - 11:00

Santich húshaldens yn Drachten hawwe tiisdeitemoarn in wettersteuring hân. De oarsaak fan de steuring wie in lek yn in haadwetterlieding yn wenwyk de Wiken. De bewenners fan de Raai en de Langewyk stiene dêrtroch droech.

Meiwurkers fan wetterbedriuw Vitens binne dyselde nachts dat it lek ûntstie, fuortendaliks begûn mei reparaasje. It wurk soe tiisdeitemoarn om kertier oer tsienen hinne klear wêze, mar it duorre langer. Beamwoartels makken it de monteurs dreech. Om sawat tolve oere wie de steuring foarby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)