Soad 'pottekikers' ferwachte

De gemeente Harns ferwachtet in soad publyk as de deade potfisk tsjin healwei tolven oankomt yn de âlde fiskerijhaven. Der wurde maatregels naam om it ferkear yn goede banen te lieden.
De potfisk spielde moandeitemiddei oan op it strân fan Skylge. Hy is no ûnderweis nei de haven fan Harns. Dêr wurdt it bist ûndersocht. It skelet giet úteinlik nei Naturalis yn Leiden.