Nick Kuiper nei Flyers

© Nicolien Sijtsema
De 31-jierrige Nick Kuiper komt takom seizoen út foar de UNIS Flyers fan It Hearrenfean. Kuiper hat in soad ûnderfining opdien yn de kompetysjes fan Sweden, Finlân en Eastenryk. De Flyers krije mei him in hurde ferdediger yn it team. De ferwachting is dat dêrmei de ferdediging flink sterker wurdt en dat de jongere spilers in soad fan him leare kinne.
Kuiper hat in dûbele nasjonaliteit (Kanadeesk-Nederlânsk). Hy hat dus ek kâns op in plak yn it nasjonale team.