Potfisk ûnderweis nei Harns

30 jul 2013 - 06:16

De potfisk dy't moandeitemiddei oanspielde by peal 26 op Skylge, is ûnderweis nei Harns. Dêr komt er om sawat 11.30 oere oan. De fisk libbe earst noch wol, mar koe úteinlik net rêden wurde. Yn opdracht fan Rykswettersteat is it deade sûchbist mei help fan twa skippen fuortsleept.

Krekt nei 12 oere nachts kaam de tastimming dêrfoar en tusken 03.00 en 03.30 oere slagge it om de sawat 25 ton swiere fisk los te lûken. Earder wie der al in line mei in anker oan de potfisk fêstmakke. Yn Harns wurdt de potfisk ûndersocht en yn stikken snijd.

Trefwurden: 
Harns Skylge potfisk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)