Douwe Amels nei WK yn Moskou

Heechspringer Douwe Amels
Heechspringer Douwe Amels fan Drachten is definityf selektearre foar it WK atletyk, fan 10 oant 18 augustus yn Moskou. Dat hat technysk direkteur Joop Alberda bekend makke. Mei-elkoar sitte der trettjin atleten en twa estafetteteams yn de seleksje.
Douwe Amels waard koartlyn kampioen by it EK ûnder de 23, mei in sprong fan 2,28 meter 28. Dêrmei wie er in besprekgefal, omdat de noarm 2,29 meter is. Moandeitejûn kaam it berjocht dat Amels dochs meigiet nei Moskou.