Studinten sykje keamers

29 jul 2013 - 21:32

It rint stoarm mei studinten dy't op syk binne nei in keamer yn Ljouwert. Dat seit eigener Hessel Jansen fan it bedriuw Kamerbemiddeling Leeuwarden.

Nei alle gedachten komt de grutte fraach trochdat der hieltyd mear studinten nei Ljouwert komme en trochdat der hieltyd mear jongeren langer trochgean mei studearjen. Jansen ferwachtet dat er ynkoarten al syn keamers ferhierd hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)