Plysje ûndersiket brân Gordyk

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in brân yn in hûs oan de Van Zinderen Bakkerstraat op 'e Gordyk. Freedtenacht omtrint fjouwer oere bruts der brân út. De trije bewenners wiene op 'e tiid wekker en net ien rekke ferwûne.
Ut ûndersyk fan de brânwacht die bliken dat de brân nei alle gedachten oanstutsen is. De plysje sil de saak no fierder ûndersykje.