Rêders drok mei potfisk

29 jul 2013 - 18:32

Op allerhanne manieren wurdt besocht de potfisk dy't sûnt moandeitemiddei yn de brâning op it strân fan Skylge leit, te rêden. Meiwurkers fan rederij Noordgat hawwe mei rêders op it strân in bassin makke, dêr't de potfisk yn driuwt.

Der wurdt wurke oan in geul nei iepen wetter. Mei heech wetter moat de potfisk dan sels nei iepen wetter swimme.

By de rêdingsaksje fan de potfisk wurdt foar it earst it nije protokol foar rêding fan grutte fisken folge. Dat hâldt yn dat it ministearje fan ekonomyske saken de lieding hat. In koördinator op it eilân soarget deroar dat de regels fan it protokol folge wurde.

Trefwurden: 
Skylge rêders potfisk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)