Wapenkontrôle yn Ljouwert

21 jan 2012 - 14:14

De plysje hat freedtejûn en -nacht yn Ljouwert in kontrôle hâlden op it besit fan wapens. Der waarden 217 minsken en 11 auto's kontrolearre. Dêrby fûn de plysje 2 skroevedraaiers, 3 skjirren, 6 messen en in metalen staaf dy't brûkt wurdt yn in selsferdigeningssport.

De wapens binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
wapen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)