Libjende potfisk oanspield

29 jul 2013 - 15:58

Op Skylge is moandei in potfisk fan sawat 15 meter oanspield. It bist libbet noch. Hy leit by peal 26 by it drinkelingehúske yn de brâning. Dat is net fier fan de Boschplaat. Meiwurkers fan SOS Dolfijn fan it Dolfinarium yn Hardewijk binne oanwêzich om te sjen hoe't se de oanspielde potfisk rêde kinne. Rederij Noordgat sil besykje it bist te rêden troch him wer yn see te krijen. Se meitsje in geultsje ûnder de potfisk nei de see ta.

Trefwurden: 
Skylge Brandaris potfisk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)