Fryske fuotbalsters nei EK

29 jul 2013 - 15:34

Fuotbalsters Lysanne van der Wal en Sisca Folkertsma fan SC Hearrenfean en Iris Achterhof fan de beloften fan SC Hearrenfean binne troch bûnscoach Maria van Kortenhof útkeazen foar it Nederlânsk alvetal foar spylsters ûnder de 17 jier. De ploech komt fan 2 oant en mei 7 augustus yn aksje in Lviv yn de Oekraïne foar de earste EK-kwalifikaasjewedstriden. Oranje spilet tsjin it gastlân Oekraïne, tsjin Slowakije en tsjin Finlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)