Fytse fan Teksel nei Flylân

Twa ynwenners fan Teksel hawwe sneon mei de fyts de oerstek makke nei it buoreilân Flylân. Gerrit Jan Betsema en Johan Bremer binne de earsten dy't op 'e fyts it Waad oerstutsen binne. Ofrûne sneon wiene de omstannichheden perfekt om de fiif oeren lange tocht te meitsjen.
Wylst Flylân mar op 4 kilometer fan Teksel leit, moasten de twa 36 kilometer ôflizze. Ien kilometer foar Flylân kamen it wetter harren oan de de mil ta en moasten se rinne. De Tekselers riede oaren oan om harren foarbyld net te folgjen.