Snitswike mikt op mear silers

29 jul 2013 - 13:57

De organisaasje fan de Snitswike ferwachtet dit jier achthûndert dielnimmers by de sylwedstriden. Dat binne fyftich mear as ferline jier. De organisaasje seit dat dit jier in soad dien is oan de promoasje fan it evenemint. Dêrneist is it waar goed en binne der net in soad oare sylaktiviteiten op itselde momint. Ferline jier wiene der ek oare kampioenskippen dy't in soad dielnimmers lutsen.

Alle jierren komme in soad besikers op de Snitswike ôf. Nei alle gedachten komme der likernôch 250.000 minsken op ôf.

Trefwurden: 
Snitswike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)