Earfolle fermelding Djurre

Wiskunde-Olympiade © ANP
De Ljouwerter gymnasiumlearling Djurre Tijsma hat in earfolle fermelding helle op de Wiskunde Olympiade. Dy waard ferline wike hâlden yn Kolombia. Djurre foarme mei fiif oaren it Nederlânske team. Dat team einige úteinlik op it 25e plak. Se hiene twa sulveren en trije brûnzen medaljes helle.
De goed fiifhûndert dielnimmers moasten trije kear in opjefte meitsje, dêr't se trije en in heal oere de tiid foar hienen. In learling út Nijmegen wie de bêste fan it Nederlânske team. Hy einige by de bêste fyftich fan de Olympiade.