250 Hurdriders yn Drachten

29 jul 2013 - 11:28

Goed 250 bestjoerders binne sneintemiddei en -jûn yn Drachten flitst fanwege te hurd riden. Mei-inoar kontrolearre de plysje goed twatûzen auto's. Se stiene te mjitten op in trijetal plakken: de Langewest, de Nijtaap en de Postlaan. Dêr mei net hurder as 50 kilometer yn de oere riden wurde. De rapste ried 93. Alle bestjoerder krije de boete thús tastjoerd.

Trefwurden: 
Drachten hurdride
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)