Frou falt mei skooter
In 45-jierrige frou út Ljouwert is sneintemiddei ferwûne rekke doe't se mei har skooter foel yn de Coopmanstrjitte. De frou hold in iepen wûne oan 'e holle oan it ûngelok oer. Se is nei it sikehûs brocht.
Der is in bloedproef ôfnommen om te sjen of't se alkohol dronken hie.