Boeren: "Ynternet te stadich"

29 jul 2013 - 10:56

Hieltyd mear boeren jouwe oan dat harren ynternet te stadich is. Yn opdracht fan de provinsje is boere-organisaasje LTO Noard dêrom yn gearwurking mei it provinsjaal glêsvezelnetwurk Fryslân Ring in ûndersyk begûn nei ynternet op it plattelân.

Boeren brûke faak in drege ferbining, omdat der neat betters is. Leden fan LTO-Noard kinnen oant en mei 12 augtusus oanjaan hoe tefreden oft sy oer harren ynternet binne. Sy hawwe dêr in mailtsje oer krigen.

Trefwurden: 
ynternet LTO boer Fryslân Ring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)