Skulptueren 2014 wer yn Snits

29 jul 2013 - 10:18
Sânskulptuerfestival fan ferline jier - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

De organisaasje fan it sânskulptuerenfestival wol takom jier wer nei Snits. Der ha al 20 tûzen besikers west yn de earste moanne, wêr't de organisaasje tige tefreden mei is. De lokaasje op it parkeerplak oan de Oppenhuizerweg foldocht poerbêst en de gearwurking mei de gemeente en ûndernimmers rint goed.

Oant en mei ein septimber binne de sânkeunstwurken noch te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)