Dûbelslach foar trio Triemstra

28 jul 2013 - 19:18

It partoer fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra hat ek de twadde frije formaasje partij fan it wykein wûn. Nei de oerwinning yn Seisbierrum wiene se ek yn de generale foar de PC yn Arum de bêste. Yn de finale wûnen se mei 5-4, 6-2 fan Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Kootstra waard kening.

Van der Meulen-en-dy wiene yn de twadde omloop yn in partij mei alles oan de hang ferantwurdlik foar de útskeakeling fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniel Iseger.

De tredde priis wie foar Hendrik Tolsma, Tjibbe Hansma en Martijn Olijnsma.

Trefwurden: 
Arum keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)