Kuperus-en-dy winne yn Arum
Joukje Kurperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma hawwe snein yn Arum it haadklassekeatsen frije formaasje wûn. Sy wiene yn de finale te sterk foar it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Se wûnen mei 5-0 en 6-2.
De lytse preemje wie foar Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.