Weening sechde yn Ronde Poalen

28 jul 2013 - 17:12

Pieter Weening is snein sechsde wurden op de twadde etappe fan de Ronde fan Poalen. De twadde etappe waard, lykas de earste sneon, ek ferriden yn Italië. It wie in swiere berchetappe. De etappe waard wûn troch de Frânsman Christophe Riblon.

Yn it klassemint stiet de Fries Weening no op it fjirde plak. Lieder fan it klassemint is de Poal Rafal Majka, hy hat mar sân sekonden foarsprong op Weening. Moandei is in rêst- en reisdei, tiisdei giet de wedstriid fierder yn Poalen.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)