Rûzje plysje yn ridende bus

28 jul 2013 - 15:33

In plysje-yn-boarger is sneon yn Hollum op It Amelân oanhâlden op fertinking fan mishanneling, De man hie rûzje krige mei in bussjauffeur oer in ferkearssituaasje. De fertochte fûn dat de bus gefaarlik ried. Letter seach er de bus wer, stapte yn en legitimearre him as plysjeman. Der ûntstie rûzje, de plysje pakte de bussjauffeur beet en der ûntstie in wrakseling. Op dat momint begûn de bus krekt te riden. De bus kaam yn de boskjes ta stilstân.

De sjauffeur wie licht ferwûne en de passazjiers stapten kjel út. De plysje hat de man meinaam.

De plysjeman-yn-boarger mocht nei ferhear op it plysjeburo sneontejûn wer fuort. De man hat wol in proses-ferbaal krige. De plysje ûndersiket de saak fierder. De 35-jierrige fertochte plysjeman wurket net yn de regio Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)