Appelskeaster botst op beam
In 22-jierrige man út Appelskea is sneontenacht ferwûne rekke, doe't er mei de auto tsjin in beam botste. Dat barde op de Eekhoutswyk yn Smilde. De man is oerbrocht nei it sikehûs yn Assen. Omdat er nei nei alle gedachten drank op hie, is him bloed ôfnaam foar in alkoholtest. It rydbewiis fan de man is ynnaam.
Trefwurden:
Appelskea