Advendo op koers by WMC

28 jul 2013 - 10:34

Drum- en Showfanfare Advendo fan Snits hat sneon goed presteard by it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade, yn Limboarch. De regerend wrâldkampioen op it ûnderdeel marsparade wist opnij de nêste konkurrint Pasveer út Ljouwert foar te bliuwen. It WMC wurdt ien kear yn de fjouwer jier hâlden en is foar fanfares lykas Advendo it heechste poadium om op te spyljen. Snein moat nei de lêste wedstriden dúdlik wurde oft Advendo wer wrâldkampioen wurdt. Der is ûnder oare noch konkurrinsje fan de Showband Takostu út Stiens.

Trefwurden: 
WMC Advendo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)