Postma 4e op EK Finnklasse
Siler Pieter-Jan Postma is sneon as fjirde einige op it EK yn de Finnklasse yn Dútslân. Hy hie noch in lêste race, de medaljerace, nedich om op it poadium te kommen. Mar dy race gie net troch fanwege te min wyn. It fjirde plak skeelt mar twa punten mei it poadium. De Fries begûn net goed, maar kaam wol werom.