Bestjoersstruktuer moat oars

27 jul 2013 - 16:16

SC Hearrenfean hat ferlet fan in hiele nije bestjoerlike struktuer. Dat sizze ûndersikers Jos Vaessen en Lense Koopmans. Der moat in breed stichtingsbestjoer komme dêr't ek supporters, sponsors en klupfrijwilligers ynfloed op krije. It advys is benammen om minsken mei ferstân fan fuotbal op bestjoerlike funksjes te setten. Ald-foarsitter Riemer van der Velde wol noch gjin kommentaar jaan.

Foppe de Haan lit witte it leafst jonge minsken yn it nije stichtingsbestjoer te hawwen.

Nei't freed it ûndersyksrapport ferskynde, luts it trijekoppich stichtingsbestjoer syn konklúzjes. De leden hawwe gjin draachflak mear om't se te min diene om de bestjoerskrisis op te lossen. Sawol it âlde stichtingbestjoer as de eardere ried fan kommissarissen wurde belutsen by it opsetten fan in nije struktuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)