Klokjesgentiaan Skylge stellen

Klokjesgentiaan
Yn it dúngebiet by Hoorn op Skylge is in seldsum plantsje - de klokjesgentiaan - útstutsen en meinommen. It plantsje wie noch mar krekt ûntdutsen troch de boskwachter Joeri Lamers. De klokjesgentiaan is wetlik beskerme en stiet op de reade list. Op Skylge binne noch mar twa oare plakken bekend dêr't it plantsje foarkomt. Lamers fynt it hiel spitich dat it plantsje fuorthelle is. De kâns dat it by ien yn de tún oerlibbet is neffens him net sa grut. It bart wol faker dat samlers seldsume planten útstekke en meinimme.
De klokjesgentiaan is freedtejûn of sneontemoarn meinommen.