'Prosedearje hat gjin doel'

It hat gjin doel in juridyske proseduere te begjinnen tsjin it beslút fan de KNSB en NOC*NSF oer de gunning fan de topsportstatus oan Icedôme yn Almere. Sportjurist Rachid Tamourt fan It Hearrenfean stelt dat it reedrydbûn de saken goed ticht timmere hat. Op de proseduere dy't folge is, is al fan alles oan te merken.
Sa fynt Tamourt it nuver dat Thialf fan de seleksjekommisIje mar kwalik punten helle hat, wylst sy as iennige de finansiering op de rit ha.