Sylfamke feilich werom út Cork

27 jul 2013 - 14:34

De 15-jierrige Christel de Jong fan Mullum dy't fan 'e wike rêden is fan it sylskip Astrid, is wer thús. It giet goed mei har. It skip rûn woansdei foar de kust fan Ierlân op de rotsen en fergie. De motor fan de Astrid foel út flak foar't it de haven ynrinne soe. Op dat stuit stie Christel acher it roer. Alle opfarrenden binne mei help fan rêdingsboaten en helikopters fan board helle. Net ien rekke ferwûne. Neffens it Ierske rêdingsteam wie dat in lyts wûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)