Oerlis oer waar op festival

Affysje fan 2013
It festivalterrein Welcome to The Village yn Ljouwert hat sneon ûntromme west. De organisaasje fan it festival hie de besikers oproppen om nei de haadtinte te kommen foar ynformaasje oer de minne waarfoarsizzings. Om in oere as twa wie elkenien fan it terrein ôf, se moasten nei de camping of skûlje by Aqua Zoo. It programma is om trije oere wer begûn. Der binne in tal wizigingen yn it program. Sa is it optreden fan William Seen's Transport Music ferfallen. Oare poadia wurde wer opboud, inkeld it fierste poadium wurdt sletten.