'Topsport kin bliid wêze'

Untwerp fan Icedôme
Boargemaster Annemarie Jorritsma is derfan oertsjûge dat it slagget om yn Almere it nije iisstadion Icedôme te bouwen. Se hat it oer in prachtich plan op in moai plak, dêr't hiel topsport Nederlân bliid mei wêze kin. It reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF makke freed bekend it bouplan fan in nij stadion foarearst oan Almere te gunnen.
Neffens Jorritsma sil de gemeente soargje foar koarte prosedueres, sadat gau boud wurde kin wannear't de finansiering rûn is. De earste wedstriden moatte yn it seizoen 2016-2017 yn Almere riden wurde.