'Inkeld Thialf goed ûnderboud'

27 jul 2013 - 11:47

Reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF hiene folle hegere easken stellen moatten oan de finansjele ûnderbouwing fan de plannen dy't Icedôme yn Almere, it TranSportium yn Zoetermeer en Thialf yntsjinne ha. Dat fynt sportmarketeer Frank van den Wall Bake. Hy is ien fan de autoriteiten op it mêd fan sportmarketing. De KNSB makke freed bekend dat Icedôme yn Almere foarearst de topsportstatus kriget.

Van den Wall Bake set grutte fraachtekens by de proseduere dy't laat hat ta dy kar.

Bedriuwen kinne wol sizze dat se meibetelje wolle, mar dat betsjut noch net dat it jild der ek komt, sa seit de sportmarketeer. Allinnich de plannen fan Thialf binne finansjeel goed ûnderboud. Neffens Van den Wall Bake is de kâns dan ek grut dat se dy plannen net rûn krije en dat Thialf dochs de topsportstatus kriget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)