Drok mei strannen skjinmeitsje

27 jul 2013 - 11:34

Gemeentlike skjinmakploegen ha it drok mei it opromjen fan de strannen. Minsken nimme hieltyd minder de muoite om nei it jiskefet te rinnen. Benammen nei drokke strândagen is it dêr krekt in stoart. Benammen blikjes en bierfleskes der't gjin staasjejild op sit bliuwe lizzen.

Dit kostet gemeenten in soad jild. Sy moatte ekstra minsken ynhiere om de strannen op tiid wer skjin te krijen.

Trefwurden: 
strân skjinmeitsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)