Klopjacht nei ynbraak Akkrum

27 jul 2013 - 07:58

De plysje hat freedtenacht nei in klopkjacht yn Akkrum twa ynbrekkers oanhâlden. It giet om twa mannen fan 24 en 27 jier út Grins. In tredde fertochte koe ûntkomme. In tsjûge warskôge de plysje. Dy seach midden yn de nacht trije mannen mei moffen oan en bûslampen oan út in auto stappen. De plysje sette in helikopter en in plysjehûn yn om de mannen op te spoaren. Plysjeminsken yn kûgelfrije festen sochten de wenwyk ôf. Se seagen yn túntsjes en sochten op it wetter mei boatsjes fan omwenners. De twa mannen binne fûn yn it wetter oan de Mienewei.

It die bliken dat de mannen yn trije hûzen oan de Mienewei ynbrutsen hiene. Mei help fan de plysjehûn fûn de plysje by it stasjon stellen sulverwurk werom. De auto dêr't de mannen yn rieden, wie earder yn Nes stellen.

Trefwurden: 
ynbraak helikopter Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)