Soad jild foar Clemens-tsjerke
Mei ferskate aksjes is der al mear as 30.000 euro ophelle foar it herstelfûns foar de Clemens-tsjerke op It Amelân. De tsjerke brânde op 5 febrewaris dit jier hielendal ôf. Omdat net alle kosten fergoede wurde troch de fersekering, kamen frijwilligers yn aksje om jild op te heljen. It totale tekoart wurdt skatten op ien ton.