Friezen achter in nij Thialf

26 jul 2013 - 17:57

Friezen steane noch altyd achter de ynvestearring fan 50 miljoen euro dy't nedich is foar de renovaasje fan iisstadion Thialf. Dat docht bliken út opiny-ûndersyk fan programma EenVandaag freed hold ûnder 900 Friezen. Nettsjinsteande de kar fan KNSB en NOC*NSF foar Almere, fynt 57% fan de ûnderfrege Friezen dat in nij Thialf trochgean moat.

In mearderheid fan 87% stiet achter it beslút fan Thialf om yn berop te gean tsjin it beslút fan de KNSB. Hast it hiele panel (94%) wol dat Thialf de reedrydtimpel fan Nederlân bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)