Sierfûgels stellen yn Heech

© Omrop Fryslân
By sierfûgelkweker Jappie van der Heide yn Heech binne yn de nacht fan tongersdei op freed 86 sierfûgels stellen. De dieven hawwe fangnetten en kratten fan de kwekerij brûkt om de bisten te fangen en mei te nimmen. De einen, wêrûnder kolguozzen, swartkopguozzen, smjunten en pylsturten, binne ringe. Dat makket de ferkeap fan de einen in stik lestiger foar de dieven, om't kwekerijen sjen kinne dat de bisten stellen binne.
Njonken de jildskea soarget de stellerij ek foar in grut gat yn it kweekprogramma fan de fokker.