Rapport H'fean op Omroplive.nl

26 jul 2013 - 14:38

De presintaasje fan it ûndersyk nei de gong fan saken by SC Hearrenfean is freedtemiddei live te folgjen op www.omroplive.nl. Jos Vaessen en Lense Koopmans hawwe de ôfrûne fjouwer wiken útsocht wat der ferkeard gie by de klup. Hoe koe it sa misgean en hoe moat de bestjoersstruktuer fan de takomst der út sjen?

Vaessen en Koopmans hawwe petearen fierd mei alle belutsenen. De útkomsten fan it rapport sille binend wêze. Der komt ek in advys oer hokker minsken de ferskate funksjes it bêste ynfolje kinne. Sjoch ek op www.omroplive.nl

It rapport is freedtemiddei earst oan alle meiwurkers fan Hearrenfean presintearre. Oanslutend wurdt it oan de bûtenwrâld presintearre yn de foarm fan in parsekonferinsje. Dy parsekonferinsje kin live folge wurde op ynternet.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Omroplive
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)