Byld Abe Lenstra begriemd

26 jul 2013 - 14:29

It byld fan Abe Lenstra foar it stadion fan SC Hearrenfean is yn de nacht fan woansdei op tongersdei bekladdere mei wite farve. Op bewakingsbylden is in persoan te sjen mei in doek om 'e holle. Dêrtroch is it lestich om de dieder te identifisearjen.

It byld fan Abe hat troch de aksje skea oprûn, mar de behearders witte noch net krekt wat de kosten binne. It is ek net bekend oft der oanjefte dien wurde sil.

Trefwurden: 
byld Abe Lenstra bekladde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)