Peiling oer Thialf/Icedôme

Untwerp fan Icedôme
Aktualiteiteprogramma EenVandaag fan de AVRO en de TROS hâldt freed in opinypeiling oer de kar fan reedrydbûn KNSB foar Icedôme yn Almere. Sa wurdt ûnder oare frege oft de Friezen no noch achter it beslút fan de provinsje steane om 50 miljoen euro út te lûken foar de bou fan it nije Thialf.
As je meidwaan wolle oan it ûndersyk kinne je je oanmelde op www.EenVandaag.nl ûnder it kopke panels. De útslach fan it ûndersyk wurdt freedtejûn bekendmakke yn tv-programma EenVandaag om kertier oer seizen op Nederlân 1.