'Untslaggen Blamanhûs ynlûke'

26 jul 2013 - 12:22

De ûntslachoanfragen fan twa wurknimmers fan it Anna Blamanhûs yn Ljouwert moatte ynlutsen wurde. Dat hat de rjochter freed bepaald yn in koart pleit. De direksje yn Amsterdam, dêr't Ljouwert ûnder falt, wol de festiging yn Ljouwert op 1 oktober slute en it personiel dien jaan.

Neffens de rjochter binne de CAO en de meisizzenskipsrjochten net neilibbe. Dêrom moatte de ûntslachoanfragen by it UWV ynlutsen wurde. Advokaat Schalkwijk fan de meiwurkers seit dat de partijen no alternativen foar sluting fan it Blamanhûs besprekke moatte.

It Anna Blamanhûs is in biblioteek foar lesbyske froulju, homoseksuele manlju, transgenders en biseksuelen, festige yn it gebou fan de iepenbiere biblioteek yn Ljouwert. Wat der nei de sluting mei it Fryske diel fan de kolleksje bart, is noch ûnbekend. Oerlis mei Tresoar yn in folle earder stadium hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
biblioteek Anna Blamanhûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)