'Beswier Thialf hat gjin kâns'

Inisjatyfnimmer Folkert Buiter fan Icedôme yn Almere is bliid dat der lang om let in beslút naam is oer de takomstige topsportlokaasje foar it reedriden. Freed makke reedrydbûn KNSB bekend dat se foarearst kieze foar it plan yn Almere. Se dogge dat op basis fan it eardere ûndersyksrapport dêr't Icedôme as bêste út kaam.
Buiter hat der begrip foar dat Thialf beswier meitsje sil tsjin it beslút fan de KNSB. Neffens Buiter makket dat beswier net folle kâns en kinne Thialf en Fryslân harren better gewoan dellizze by har ferlies.