Crowdfunding Teaterkafee rint

De Kleine Komedie © ANP XTRA
In wike nei de start fan it crowdfundingprojekt foar in teaterkafee yn Snits is al hast 19.000 euro binnenhelle. Dat is goed 6 persint fan it totale bedrach dat nedich is. Foar de start fan it nije teaterkafee is 285.000 euro nedich en inisjatyfnimmer Freek Kramer wol dat jild fia ynternet ophelje. Op webside geldvoorelkaar.nl kinne partikulieren jild liene oan Kramer foar de start fan it kafee njonken it nije teater yn Snits.
It nije kafee sil him dan benammen rjochtsje op de goed 80.000 besikers dy't it teater lûkt.
Oer goed fjouwer moanne moat it jild byelkoar wêze.