Brilledief mishannelet plysje

Plysje-embleem © ANP
In plysjeman yn boarger is earder dizze ferwûne rekke, doe't er besocht in winkeldief oan te hâlden. De plysjeman seach dat in man yn in winkel oan de Nijstêd besocht in sinnebril mei te nimmen sûnder te beteljen. Bûten spruts er de dief oan. Dy levere de bril wer yn, mar doe't er hearde dat de plysje belle waard, gie er troch it lint.
Der ûntstie in wrakseling en dêrby waard de agint in pear kear yn it gesicht slein. Bûten waard er bedrige mei in mes. De plysje hat de dief doe rinne litten.
De plysje hat de man noch net fûn en docht noch fierder ûndersyk yn de saak.