Wolkom yn it doarp útferkocht

26 jul 2013 - 09:43

It nije popfestival Welcome to the Village yn Ljouwert is foar dit wykein folslein útferkocht. It festival begjin freedtemiddei yn it Griene Stjergebiet, krekt bûten Ljouwert. Op it festival steane mear as santich bands en acts. Allinnich foar freed is noch in beheind tal kaarten te krijen. Dat kin op de website fan Welcome to The Village of oan de poarte fan it festivalterrein.

It festival wurdt organisearre troch de Stichting Asteriks. Der wurkje twahûndert frijwilligers oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)