Hegere omset Accel Group

26 jul 2013 - 07:56

De omset fan fytsefabrikant Accell Group, mei it haadkantoar op It Hearrenfean, is yn it earste healjier fan 2013 mei 13% omheech gien yn fergelyk mei de earste helte fan ferline jier. Dy omset wie no goed in heal miljard euro.

Neffens foarsitter René Takens fan de ried fan bestjoer is de fyts populêr en wurdt der hieltyd mear fytst. Benammen elektryske fytsen bliuwe populêr. De omset dêrfan gie mei 28% omheech, benammen yn Dútslân en Nederlân. Accell ferwachtet oer it hiele jier in posityf bedriuwsresultaat, yn fergelyk mei 2012.

Trefwurden: 
Accell Group sifers fytsen 2013
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)