Gewesten lobbye tsjin Icedôme

In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen
It KNSB-gewest Fryslân lobbyt mei Súd-Hollân, Noard-Hollân/Utrecht en Gelderlân tsjin de Icedôme yn Almere. De gewesten pleitsje foar in nije kombinaasje, dêr't de KNSB yn kiest foar in gearwurking tusken Thialf en Zoetermeer. De Icedôme falt yn harren foarstel bûten de boat.
It byld dat de advyskommisje koartlyn sketst hat fan de Icedôme is neffens de gewesten te opportunistysk. Boppedat is de ûnderbouwing fan de sifers swak. It fjouwertal sjocht grutte kânsen yn gearwurkingsferbân, dêr't topsport en wedstriden ûnderling by ferdield wurde.
Freed sille de KNSB en NOC*NSF in beslút nimme oer hokker iisstadion de topsportstatus kriget. De advyskommisje wiisde Almere earder al oan as grutste kânshawwer.