Unesco: sjoch nei sâltwinning

25 jul 2013 - 16:15

Fiif natoerorganisaasjes freegje de Unesco om goed te sjen nei de plannen foar de sâltwinning ûnder it Waad. Unesco makket diel út fan de Feriene Naasjes en de Waadsee is in Unesco-wrâlderfguodgebiet. It Ryk moat foar 31 july oan Unesco witte litte hoe't it giet mei it beskermjen fan it Waad en de fiif natoerorganisaasjes freegje yn in brief om ekstra omtinken foar de sâltwinning.

Under oare Natuurmonumenten en de Waadferiening ha de brief ûndertekene. Sy binne der op út dat Unesco de sâltwinning oan de oarder stelt by it Ryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)