Huzum wint silerij Langwar

25 jul 2013 - 15:26

It skûtsje fan Huzum is tongersdei yn Langwar de ferrassende winner wurden fan de fyfde wedstriid fan it SKS-silerij 2013. De winst soarge foar in opteine stimming by de bemanning fan Lodewijk Meeter fan it Huzumer skûtsje. De lêste oerwinning waard 18 jier lyn helle. It skûtsje fan De Jouwer waard twadde, folge troch Boalsert.

Yn Langwar wie ek wer net in soad wyn. Dêrom waard der in koarte rûte syld en begong de wedstriid 10 minuten earder as gewoan.

De útslach fan de wedstriid yn Langwar:
1. Huzum
2. De Jouwer
3. Boalsert
4. Drachten
5. Ljouwert
6. Earnewâld
7. Súdwesthoeke
8. Grou
9. It Hearrenfean
10. Snits
11. Heale Moanne
12. Langwar
13. Wâldsein
14. De Lemmer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)